Skip to main content
Bysûndere hichtepunten

Ferifikaasje op Mastodon

It ferifiearjen fan dyn identiteit op Mastodon is foar elkenien. Op basis fan iepen webnoarmen, no en foar altyd fergees.

Privacyfreonlik

Do hoechst dyn dokuminten nearne yn te tsjinjen, dus der bestiet gjin kâns dat de lekt wurde.

Foar elkenien

Do hoechst net ferneamd te wêzen om dyn identiteit te ferifiearjen. Do hoechst allinnich mar in website of webside te hawwen.

Desintralisearre

Der is gjin behoefte oan fertrouwen yn in sintrale autoriteit. De ferifikaasje kin op elk momint hânmjittich befêstige wurde.

Der is gjin blauwe badge

Identiteit is gjin ja-of-nee-fraach. Der binne mar in pear echt unike nammen yn de wrâld, dus wêrom soenen allinnich de ferneamde ‘ja’ krije moatte? By Mastodon fertrouwe wy net op juridyske nammen en blauwe badges. Yn stee dêrfan fertrouwe wy derop dat minsken op harren offisjele websites identifisearre wurde kinne.

Sa wurket it

Pleats in keppeling nei dyn Mastodon-profyl op dyn website of webside. It wichtige part is dat de keppeling in rel="me"-attribút hawwe moat. Bewurkje dernei dyn Mastodon-profyl en pleats it adres fan dyn website of webside yn ien fan de fjouwer profylfjilden. Bewarje dyn profyl, dat is alles!