Skip to main content

Servers

Mastodon is net ien website. Om it te brûken moatsto in account registrearje by in oanbieder – wy neame se servers – wêrmei’tsto ferbining makkest mei oare minsken op it Mastodon-netwurk.

Starte mei Mastodon is ienfâldich

Servers

De earste stap is te bepalen op hokker server do in account registrearje wolst. Elke server wurdt beheard troch in ûnôfhinklike organisaasje of persoan en kin ferskille yn moderaasjebelied.

Dyn tiidline

Mei in account op dyn server kinsto elke oare persoan op it netwurk folgje nettsjinsteande wêr’t harren account host wurdt. Do sjochst harren berjochten op dyn starttiidline en as se dy folgje sjogge se dy fan dy op harren tiidline.

Fleksibel

Sikesto in oare server wêr’tsto de foarkar oan joust? Mei Mastodon kinsto dyn profyl op elk momint ienfâldich nei in oare server ferpleatse sûnder folgers te ferliezen. Om de folsleine kontrôle te hawwen kinsto dyn eigen server oanmeitsje.

Feilich foar elkenien

Wy hawwe gjin kontrôle oer de servers, mar wol oer wat wy op dizze side promoatsje. Us organisaasje wiist dy allinnich nei servers dy’t harren konsekwint ynsette foar it tsjingean fan rasisme, seksisme en transfoby.

Feilichheid

Alle hjir fermelde servers hawwe harren akkoard ferklearre mei de Mastodon-server-oerienkomst.

Regio

Wêr’t de oanbieder wetlik fêstige is.

Underwerp

Guon oanbieders binne spesjalisearre yn it hosten fan accounts fan spesifike mienskippen.

Netwurksûnens